Cambuur mear yn 'e oanfal
De nije Cambuur-treners Gerrie Schouwenaar en Wim de Ron wolle de oanfal sykje. It earste doel is om it tsiende plak te berikken yn de Jupiler League. Cambuur stiet no op it 15de plak.
Cambuur spilet freedtejûn út tsjin de âlde klub fan de fuortstjoerde Roy Wesseling: Haarlem. Marinus Dijkhuizen is blessearre en Koen Stam is skorst. Berry Hoogeveen en Chris de Wagt binne de ferfangers.