Pleats yn Wytgaard útbaarnd

23 feb 2007 - 04:59

Oan de Hegedyk ûnder Wytgaard is yn de nacht fan tongersdei op freed in boerepleats folslein útbaarnd. Dêrby binne trije minsken ferwûne rekke. Sy moasten nei it sikehûs omdat se reek binnenkrigen hiene.

Op it stuit fan de brân stiene der sawat 40 hynders yn de skuorre. Dy koene krekt op 'e tiid rêden wurde. It fjoer is neffens de brânwacht foar yn de pleats ûntstien. Hoe grut de skea krekt is, wurdt noch besjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)