Gjin sloop sporthal Holwert

It protest fan 'e Holwerters hat holpen: de sporthal bliuwt.
De sporthal yn Holwert wurdt foarearst net sloopt. In mearderheid fan de ried fan Dongeradiel hat dat besletten. It kolleezje fan B en W woe de sporthal slope omdat dy net rendabel draait. De gemeente moat der alle jierren jild bylizze. Omdat der besunige wurde moat, woene b en w fan de bijdrage oan de sporthal ôf.
De ynwenners fan Holwert ha tongersdei by de riedsgearkomste manmachtich tsjin de sloop protesteard.