Subsydzjes better besjen

© Omrop Fryslân
De provinsje moat subsydzjes foar de leefberens op it plattelân ris goed tsjin it ljocht hâlde. Want no gebeurt it dat op ien plak twa konkurrearende tsjinsten oanbean wurde; beide mei provinsjaal jild. Dat seit deputearre en listlûker fan de VVD Ton Baas.
By in wurkbesite fan Baas waard it foarbyld neamd fan in soarchynstelling dy't konkurreart mei in doarpshûs. Baas wol nochris goed sjen nei soksoarte gefallen.