Nij skoalgebou yn Waskemar

© Omrop Fryslân
De basisskoallen yn Waskemar krije lang om let har nijbou. Tongersdei is de earste peal slein fan in multyfunksjoneel skoalgebou.
De skoallen en it pjutteboartersplak wachten al lang op nijbou, mar it wie ûndúdlik wêr't dat koe. Troch de ferhûzing fan de âlde mavo kaam der rûmte frij foar in nij skoalgebou. Dat is yn oktober klear. It kostet goed 2,5 miljoen euro.