Sterke ferhalen op Oerol

22 feb 2007 - 16:16

It Oerolfestival hat dit jier as tema 'sterke ferhalen'. Dat wurdt útwurke oan 'e hân fan ferhalen fan Shakespeare, Tsjechov, Homerus en Rilke. It festival fynt dit jier plak fan 15 oant en mei 24 juny.

Artistyk lieder Jos Thie presintearre tongersdei it programma. Hy ferfangt Joop Mulder dy't der in jier tuskenút is. Der is dit jier mear strjitteater te sjen op Oerol. Dêrmei giet it festival werom nei hoe't it begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)