Plan foar ien grutte keuken

22 feb 2007 - 15:46

Mielservice Fryslân en Soarchkwadrant Fryslân-East bouwe mooglik tegearre ien keuken. Dy moat de itensiederij yn ûnder oare Menaam, Surhústerfean en Burgum ferfange. Dêr wurdt sean foar fersoargingshuzen en partikulieren.

De bestjoeren fan de beide organisaasjes moatte noch wol tastimming jaan. Boppedat is it mei de sinteraasje noch net útiten. Doel is dat de nije keuken yn Drachten of op It Hearrenfean komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)