'Reuzedino' lûkt kloften folk

22 feb 2007 - 14:25

De brachiosaurus lûkt in soad besikers nei it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. Yn in lyts twa moanne tiid hat de replika fan it skelet goed 10.000 minsken lutsen. Dat is hast trije kear safolle as yn deselde perioade ferline jier.

It bist is 12 meter heech en 23 meter lang. It stiet op it oerdutsen plein fan it museum. Takom wykein is de reuzedino dêr foar it lêst te sjen. Dêrnei giet it nei it Oertijdenmuseum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)