Frysk spotsje Femke Halsema

Femke Halsema fynt it Frysk 'net dreech'
Fraksjefoarsitter Femke Halsema fan Grien Links hat tongersdei foar it earst Frysk praat. Halsema wie tongersdei op kampanje yn Ljouwert en hat doe in Frysktalich radiospotsje ynsprutsen dat nije wike te hearren wêze sil by Omrop Fryslân.
Halsema hie noch nea earder Frysk praat, mar fûn it neffens eigen sizzen net dreech. Yn de kampanjebus Femke on Tour oefene Halsema mei Irona Groeneveld fan Grien Links Fryslân.