Man falt fan dak yn Jutryp

© Omrop Fryslân
Yn Jutryp is woansdeitemiddei in man fan it dak fallen. Hy wie oan it wurk by syn hûs oan de Riperwei. De 48-jierrige man foel 6 meter nei ûnderen ta en kaam ûngelokkich telâne. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.
By in ynbraak yn de jeugdsoas yn Wergea is in kompjûter stellen. De dieven kamen deryn troch in rút te fernielen. In 20-jierrige Eagumer hat oanjefte dien fan de stellerij.