Kremaasjefersekering hynders

Hynders kinne no fersekere wurde foar kremaasje
Foar hynders en pony's bestiet sûnt koart in kremaasjefersekering. De Eerste Friesche Onderlinge Paardenverzekeringsmaatschappij op it Hearrenfean biedt de fersekering oan.
De fersekering is nij yn Nederlân. De hynders en pony's dy't oanmelden wurde foar de kremaasje-fersekering, meie net âlder wêze as tolve jier. De fersekering kostet sa'n hûndert euro.