WTC bliuwt haadsponsor Cambuur

22 feb 2007 - 09:58

WTC_Expo is ek foar it seizoen 2007-2008 haadsponsor fan Cambuur. It kontrakt dêrfoar is woansdei tekene. Op it shirt komt reklame te stean foar de lânboubeurs dy desimber foar it earst yn Ljouwert hâlden wurdt.

By de ûndertekening sei direkteur Andries de Jong fan it WTC Expo dat it rêstiger wurde moat by Cambuur. Alle problemen wurde breed útmetten yn de parse en dat moat absolút ophalde. Der moat mei ien mûle praat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)