Sulejmani mei net spylje

22 feb 2007 - 08:57

Oanfaller Miralem Sulejmani (19) mei foarearst net yn aksje komme foar Sportclub Hearrenfean. De spiler is foar in jier skorst troch syn âlde club Partizan_Belgrado. Dy skorsing is oernaam troch de KNVB.

Beide clubs binne it noch hieltyd net iens oer in fergoeding. Der is ek ûndúdlikens oer it kontrakt fan Sulejmani by Partizan. In troch SC_Hearrenfean oanspande saak by de FIFA rint noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)