Opknapbeurt Harns kin los

21 feb 2007 - 20:46
  • De Foarstrjitte yn Harns krijt in nije bestrating

De gemeente Harns krijt goed 600.000 euro fan de provinsje foar it oanpakken fan it sintrum fan de stêd. De gemeente wol dat sintrum ûnder oare sichtberder meitsje foar de toeristen dy't ûnderweis binne nei de eilannen.

De plannen fan de gemeente kostje 2,3 miljoen euro. Troch de bydrage fan de provinsje kin it wurk troch gean. Der sil lykwols net earder as yn oktober mei útein set wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)