Reedriders ferlinge kontrakt

Jeroen de Vries en Douwe de Vries (foto Martin de Jong)
De maraton-reedriders Douwe de Vries fan it Hearrenfean en Jeroen de Vries fan Sint Nyk hawwe har kontrakt by de ploech fan Time Out Sport ferlingd. Douwe de Vries tekene foar nochris twa jier by de ploech, Jeroen de Vries foar noch ien jier.
It is noch net dúdlik oft Jan Eise Kromkamp ek trochgiet as ploechlieder.