Akkrumers wolle gjin lûdsskerm

21 feb 2007 - 17:02

In lûdsskerm by it spoar falt net yn goeie ierde by Akkrum. Om de lûdsoerlêst troch treinen werom te bringen hat Prorail by wize in lûdsskerm pleatst. It is in proef, sadat Akkrumers sjen kinne hoe't der mooglik út komt te sjen.

Guon ynwenners reitsje harren útsjoch kwyt. Dat fine se slimmer as it lûd fan in passearende trein. Yn de takomst sille der mear treinen ride. It spoar komt 2 meter heger te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)