PS tsjin fersilting Lauwersmar

21 feb 2007 - 16:13
  • Lauwersmar yn 'e winter

As it oan de provinsjale steaten fan Fryslân leit, dan bliuwt de Lauwersmar swiet. Dêrmei wize se de plannen ôf om eb en floed wer ta te litten yn it natuergebiet. Steatsboskbehear is in grut foarstanner fan dizze maatregel. It soe goed wêze foar de natuer.

It iennichste probleem is lykwols dat it plan goed 340 miljoen euro kostet. Mar sa fier wolle de steaten it net komme litte. As it oan de provinsje leit, is de diskusje fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)