Takomst wettertoer ûnwis

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim is net fan doel om de wettertoer fan Akkrum te keapjen. Wetterbedriuw Vitens wol de toer ferkeapje, mar de gemeente fynt 35.000 euro te djoer. Dat betsjut dat de Vitens de toer op de frije merk ferkeapje kin.
It gefolch kin wêze dat de Akkrumer wettertoer nei ferkeap sloopt wurdt. As de nije eigner in sloopfergunning oanfreget, is dy neffens de gemeente eins net te wegerjen.