Dochs fergoeding foar Bellevue

21 feb 2007 - 10:16

De eigners fan kafee-restaurant Bellevue yn Ljouwert krije doch skeafergoeding fan de gemeente. Se woene in fergoeding foar it ferlies oan omset yn de ôfrûne twa jier dat de parkeargaraazje ûnder it Aldehouster- tsjerkhôf boud is.

De gemeente Ljouwert woe earst net betelje om't de ferwachting wie dat it kafee it just drokker krije soe, no't de garaazje klear is. Mar no is besluten ta 15.000 euro skeafergoeding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)