Langer preventyf fûllearje

Der wurdt fan alles oantroffen by stappers yn Ljouwert
It útgeanspublyk yn Ljouwert kin noch in jier langer fûllearre wurde op wapenbesit, de kriminaliteit yn Ljouwert is noch hieltyd te heech. It oantal geweldplegings yn de stêd nimt fierder ta, al giet it net om hiele grutte oantallen.
It oantal bedrigings en strjitrôven is it ôfrûne jier wol ôfnommen. It oantal mishannelings is wat sakke: fan 319 yn 2005 nei 288 yn 2006. De maatregel jildt no oant maart 2008.