Dykskeel foar de rjochter

20 feb 2007 - 17:46

Wetterskip Fryslân stapt nei de rjochter om jild te krijen foar ferbettering fan de seedyk fan Harns. De organisaasje kin it net iens wurde mei it Ryk.

Neffens it Ryk giet it om herstelwurk en dat falt ûnder it wetterskip. Mar dy fynt dat de beskermlaach net goed is. It giet om in needyngreep, oars wie it net feilich mear, sa fynt it wetterskip. De bestjoersrjochter moat no in útspraak dwaan oer it skeel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)