Bettere lânyndieling foar kij

20 feb 2007 - 17:36
  • Bettere lânferdieling helpt ek mei oan mear bûtenkij

De striid om mear kij bûtendoar rinne te litten is ek bot holpen mei in bettere kavelferdieling. Dat seit foarsitter Geart Kooistra fan boere-organisaasje LTO.

Suvelconcern Friesland Foods wol boeren ekstra jild jaan as se it fee bûtendoar hawwe. Dêr is Kooistra bliid mei. Mar in bettere ferkaveling kin ek helpe, want as de boer net mei in soad kij oer de iepenbiere dyk hoecht, wurdt it makliker om se te ferweidzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)