2 jier foar mishanneling poppe

De rjochtbank fan Ljouwert hat in Burgumer tiisdei twa jier sel oplein fanwege de mishanneling fan syn krekt berne soantsje. It jonkje hie troch de mishanneling yn febrewaris 2005 fjirtich bonken stikken. Tsjin de Burgumer wie 8 moanne sel en tbs mei twangferpleging easke.
De rjochter lei in hegere straf op, omdat de man neffens ûndersiken slim fermindere tarekkenber is. Der waard ek gjin tbs en twangferpleging oplein.