'Sinneboatrace moat grutter'

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan de Alvestêdetocht foar sinneboaten wol takom jier twakear safolle dielnimmers hawwe as yn 2006. Boppedat moatte de sechstich boaten hurder farre as doe. Boaten ûnder de acht kilometer yn 'e oere kinne no net mear meidwaan.
De winner fan de earste edysje wie it team fan de Technyske Universiteit Delft. Se diene krapoan 18 oeren oer de 220 km. Foar takom jier is Delft opnij favoryt.