Spilers woene Wesseling hâlde

It grutste part fan de spilersgroep is tige teloarsteld dat trainer Roy_Wesseling it seizoen net ôfmeitsje mei. De spilersgroep hat moandei yn in petear mei direkteur Pama noch besocht om Wesseling foar de rest fan it seizoen binnenboard te hâlden.
Dat slagge net, want Wesseling waard moandeitejûn op non-aktyf steld. De training waard tiisdeitemoarn fersoarge troch keeperstrener Wim_de_Ron en Gerrie_Schouwenaar.