'Skier moat gloeilampefrij'

20 feb 2007 - 12:23
  • De klipper mei sparlampen fart de haven fan Lauwerseach út
  • De twa famkes fan Skiermûntseach dy't mei de lampen de huzen bydel sille

It eilân Skiermûntseach moat alhiel gloeilampefrij wurde. Mei dat doel sille skoalbern de kommende wiken de huzen bydel. Se hawwe sparlampen by harren as ferfanging fan de gewoane lampepitten.

De lampe-aksje is in inisjatyf fan it jeugdparlemint fan it eilân. Hy wurdt stipe troch miljeuorganisaasjhe Greenpeace. Ut Lauwerseach wei fear tiisdei in klipper mei tûzen sparlampen nei Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)