Laptops stellen út skoalle

20 feb 2007 - 12:01

Learlingen fan OSG Piter_Jelles yn Sint_Anne kinne de kommende dagen gjin gebrûk meitsje fan 'e laptops fan de skoalle. Moandeitenacht binne tolve eksimplaren stellen. De dieven binne deryn kommen troch it dak.

De skoalle makket in soad gebrûk fan de laptops, omdat learlingen dêrmei yn yn ferskate lokalen wurkje kinne. De ferwachting is dat it noch wol in pear dagen duorret foardat der nije laptops binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)