Boeren betelle foar greidekij

20 feb 2007 - 11:47
  • Suvelgigant wol kij werom yn de greide
  • Friesland Foods

Suvelprodusint Friesland Foods wol it foar boeren finansjeel oantreklik meitsje om kij wer yn 'e greide rinne te litten. Hieltyd mear boeren hâlde it fee op stâl omdat dat goedkeaper is.

It suvelkonsern bringt no produkten op 'e merk fan molke fan kij dy't foar it grutste part fan it jier bûtendoar rinne. Der is 2 miljoen euro beskikber om boeren te kompensearjen foar de ekstra kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)