Arriva kart bussen opnij

© Omrop Fryslân
Alle bussen fan ferfiersbedriuw Arriva yn Fryslân wurde op 'e nij kard. It giet om bussen dy't langer as trije moanne lyn APK-kard binne. Arriva nimt dizze beslissing nei de problemen yn Brabân. Dêr waarden ôfrûne wykein 21 bussen ôfkard om't se yn minne steat wiene.
Neffens in wurdfierder fan it bedriuw ha him yn Fryslân oant no te gjin problemen foardien. Ek hawwe hjir gjin klachten west fan reizgers.