Beloften Cambuur winne mei 1-4

19 feb 2007 - 22:03

De beloften fan Cambuur ha FC Zwolle moandeitejûn ferslein mei 1-4. Doelpunten kamen fan Francisco, Loukilli, Katipana en Nurat.

Cambuur spile dizze wedstryd ûnder protest. Se hiene de KNVB útstel frege yn ferbân mei de dea fan de heit fan ien fan de spilers. De heit waard sneontejûn op syn jierdei deasketten yn Amsterdam. Wol is der in minút stilte nommen foar de wedstryd en spilen de Cambuursters mei in roubân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)