Ko-produksjes lûke minsken

© Omrop Fryslân
Teaterselskip Tryater hat ferline jier 110.000 besikers lutsen en dat komt benammen troch de ko-produksjes. It oantal besikers foar de eigen produksjes is mei sa'n 10,000 besikers ôfnommen, mar dat hat neffens Tryater fral te krijen mei de planning fan de stikken.
Der is ien ko-produksje dy't foar it grutste part ferantwurdlik is foar de groei fan it tal besikers: De Heeren van 't Veen.