'Kompensaasje foar Rabo-bus'

© Omrop Fryslân
De Rabobank moat de doarpen dêr't gjin mobyl kantoar mear komt, kompensearje mei oare foarsjennings. Dat seit direkteur Ytsen Strikwerda fan plattelânsynstitút Doarpswurk.
Strikwerda hat der best begryp foar dat de Rabobank de lêste mobile kantoaren fan de dyk hellet, mar fynt wol dat der wat oars foar yn it plak komme moat. Hy tinkt dan bygelyks oan it pleatsen fan lytse jildautomaten yn doarpshûzen.