Roy Wesseling op non-aktyf set

19 feb 2007 - 18:47

Bestjoer en direksje fan Cambuur hawwe trainer Roy_Wesseling op non-aktyf set. It betrouwen yn Wesseling is sa lyts dat de trainer it rinnende seizoen net ôfmeitsje mei. It kontrakt fan Wesseling rûn oant en mei juny 2007.

Wesseling kaam yn seizoen 2005-2006 nei Ljouwert út Haarlem wei. Wesseling hat oars net as problemen hân by Cambuur. Earst finansjele perikels, letter ek teloarstellende resultaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)