'Fjouwerbaans nei Drinte'

© Omrop Fryslân
De dyk tusken Drachten en de grins mei Drinte moat in fjouwerbaansdyk wurde. Dat skriuwt in grut oantal Fryske bedriuwen yn in brief oan de provinsje en de gemeenten Eaststellingwerf, Smellingerlân en Opsterlân.
De bedriuwen fine dat de ûnderhannelings oer in fjouwerbaansdyk weriepene wurde moatte. Oant no ta binne de sinten in probleem. Der is 20 miljoen nedich fan de gemeenten en der is noch mar 9 miljoen euro binnen.