Jong Cambuur spilet dochs

© Omrop Fryslân
De wedstriid fan de beloften fan Zwolle tsjin Cambuur giet moandei wol troch. De KNVB hat it fersyk fan Cambuur om de wedstriid net te spyljen ôfwiisd.
De heit fan Cambuurspiler Necmettin Imaç is sneon yn Amsterdam deasketten. Hy wie foarsitter west fan de Amsterdamske klub Türkiyemspor. Neffens de KNVB is dit gjin reden om de wedstriid te skrassen. Jong Cambuur spilet ûnder protest en mei in roubân.