Wurk fan Huisman feild

19 feb 2007 - 11:58
  • De akwarel fan Huisman 'Gezicht op Workum aan de vaart'
  • Ien fan de etsen fan Mankes

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts sil nije wike in akwarel fan Jopie Huisman en trije etsen fan Jan Mankes feile. Ald Fryslân krijt net faak wurk fan Huisman ûnder de hammer. It feilinghûs is dan ek tige bliid mei de akwarel fan de ferneamde Warkumer skilder. De wearde wurdt rûsd op fjouwer- oant seistûzen euro.

Fan freed oantemei snein binne de wurken te besjen yn it feilinghûs. Takom moandei wurde de wurken feild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)