Harnzer argyf nei Hannemahûs

De tún fan it Hannemahûs
It gemeenteargyf fan Harns komt fan takom jier ôf yn Museum Hannemahûs yn de stêd. Ek oare organisaasjes en stiftings op it mêd fan histoarje en kultuer fan Harns krije yn de takomst ûnderdak yn it museum. It Hannemahûs wurdt ynkoarten útwreide.
Omdat it museum dit jier 50 jier bestiet, ferskynde der ôfrûne sneon in jubileumboek. It boek waard ûnder grutte belangstelling oanbean oan de soan fan museumstifter Hannema.