Man oanhâlden foar brân

19 feb 2007 - 09:41

De plysje hat moandei in ynwenner fan De Gordyk oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by brânstifting. De brân, op 28 desimber, ûntstie yn in shoarmasaak op it Hearrenfean. De oanholden man is de eigner fan dy saak.

By de útslaande brân oan it Breedpaad giene ferskate gebouwen yn flammen op. De plysje slút net út dat der noch mear oanhâldings folgje. Seis resjersjeurs ha oan de saak wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)