FNP: plan Tramkertier oanpasse

It saneamde Tramkertier yn Ljouwert
De FNP wol dat de plannen foar it Tramkertier by de Dominicustsjerke yn Ljouwert oanpast wurde. Neffens de partij wurde de nije apparteminten en wennings oan de Pier Panderstrjitte te massyf. De bouhichte en de foarm fan de nijbou soe oanpast wurde moatte.
De FNP komt dermei temjitte oan de winsken fan omwenners dy't poer op de nijbou tsjin binne. Neffens har past de nijbou net yn de wyk. Moandei praat de gemeenteried oer de plannen.