Cramer wint 5 km B-groep

Wieteke Cramer
Wieteke Cramer fan De Lemmer hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Erfurt de 5 kilometer yn de B-groep wûn. De reedrydster fan de VPZ-ploech klokte in tiid fan 7.06,66 en bleau dêrmei Gretha Smit (7.07,84) en Jorien Voorhuis (7.09,03) foar.
Smit krige mei har twadde plak in startbewiis foar de WK ôfstannen. Cramer kaam dêrfoar net yn oanmerking, om't sy as reserve foar it toernoai oanwiisd is.