Heit Cambuur-talint deasketten

18 feb 2007 - 13:01
  • Nedim Imac deasketten yn Amsterdam

De Turkske man dy't sneontejûn yn Amsterdam deasketten is, is de heit fan Cambuur-belofte Necmettin Imaç. De man is âld-foarsitter fan de Amsterdamske klub FC Türkiyemspor. De famylje Imaç wie yn Amsterdam om de 19de jierdei fan Necmettin te fieren.

It is op dit stuit noch net dúdlik oft de wedstriid fan Jong Cambuur tsjin Jong Zwolle, dy't moandei op it programma stiet, trochgiet. De klub sil moandei oerlis hawwe mei de KNVB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)