Kramer earste op 10 kilometer

18 feb 2007 - 12:12
  • Kramer yn aksje

Sven Kramer fan Aldskoat hat sneon by de Wrâldbekerwedstriden yn Erfurt wer in opmerklike prestaasje levere. Hy benadere syn eigen wrâldrekord op de 10 kilometer mei 3,29 sekonden. Syn tiid wie 12.53,18. Syn wrâldrekord stiet sûnt de WK allround yn Thialf op 12.49,88.

Kramer wie goed tsien tellen rapper as syn teamgenoat Carl Verheijen dy't twad waard yn 13.03,76. It brûns gie nei Brigt Rykkje dy't 13.16,59 ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)