Sint Piter wer yn Grou
Yn Grou is sneontemoarn Sint Piter oankaam. De hillige arrivearre mei in boat by hotel Oostergoo. Dêr waard er opwachtte troch in grut tal bern en boargemaster Schadd-de Boer fan de gemeente Boarnsterhim.
Kommende woansdei bringt Sint Piter in besite oan de skoallen yn Grou, dêrnei set er wer ôf rjochting Spanje.