Grutte drankkontrôle Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht sân automobilisten op 'e bon slingere omdat se mei te folle drank op achter it stjoer sieten. De sân waarden betrape by in grutte alkoholkontrôle yn Ljouwert.
Tusken njoggen oere freedtejûn en fjouwer oere sneontemoarn waarden derby hast 330 minsken kontroleard. Twa bestjoerders hiene safolle dronken dat se har rydbewiis ynleverje moasten.