PvdA-leden prate op it Fean

© Omrop Fryslân
Aldere PvdA-leden út Fryslân binne sneon by inoar kommen om it nije regearakkoart te bepraten. Yn Zwolle wie sneon it partijkongres. Foar in soad sosjaal-demokraten op leeftiid is dat te fier fuort en derom wie der yn it Abe Lenstrastadion ek in gearkomste.
Dêr waard de koers fan it nije regear en it listje nije ministers bepraat. Foar de measte oud-gedienden is it kabinet fan CDA, PvdA en Christenunie net links genôch.