Wentebou Ljouwert op skema

17 feb 2007 - 11:42

Der wurde hieltyd mear wenten bout yn Ljouwert troch de gearwurking fan de gemeente mei in konsortium fan boubedriuwen. Yn 2004 is ôfpraat 1.500 wenten te bouwen oant en mei 2015. Dêrby moatte winstjouwende bouprojekten jild opsmite foar húzebou dy't eins net út kin.

It tempo sit der ek goed yn mei hûndert hûzen yn it jier. Fan de 1.500 plande wenten binne der yntusken 350 wenten bouwd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)