Cambuur tsjin Eindhoven: 0-0

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert hat freed yn eigen stadion 0-0 spile tsjin FC Eindhoven. Beide ploegen krigen in tal kansen, mar slagen der net yn om dy te fersulverjen. Koen Stam fan Cambuur krige in giele kaart en is dêrom skorst foar de wedstryd fan nije wike tsjin Haarlem.
Cambuur makket noch in lytse kâns op it winnen fan de fyfde perioade. De ploech hat trije punten efterstân op de koprinners Zwolle en Veendam.