Ekstra stimmasine Suderbuorren

16 feb 2007 - 20:28

De Ljouwerter wyk Suderbuorren krijt by de kommende steateferkiezings twa stimmasines. By de lanlike ferkiezings yn novimber ferline jier wie der mar ien stimmasine en doe stiene der jûns lange rigen minsken te wachtsjen om har stim út te bringen.

Mear maatregels om rigen foar te kommen fynt de gemeente Ljouwert net needsaaklik. Der wurde folle minder minsken ferwachte as by lanlike ferkiezings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)