Man wurket ynbrekker saak út

16 feb 2007 - 16:57

De eigner fan in sportskoalle yn Kollum hat freedtemoarn eigenhandich in ynbrekker fuortjage. Hy sliepte yn syn saak en waard wekker fan it leven. De eigner seach doe in ynbrekker mei in bûslampe foar de syddoar stean. Doe't er him omdraaide seach er in oare ynbrekker lyk yn it gesicht.

De eigner pakte de ynbrekker fuortendaliks. Nei in koarte wrakseling wist de ynbrekker fuort te kommen. De eigner komt út Bûtenpost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)