Paloma Blanca hast útferkocht

16 feb 2007 - 16:18

De Fryske ferzje fan Una Paloma Blanca fan George Baker is sa populêr dat de earste tûzen CD's al hast útferkocht binne. Baker makke it skyfke foar it jubileum fan it programma Hitdossier fan Radio Mercurius. Dat is de lokale omrop fan Ljouwert.

Waarman Piet Paulusma oerlange freed de earste CD oan sjonger George Baker. De opbringst is foar de Frijbuiters, in organisaasje dy't him ynset foar Ljouwerter jongerein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)